De Syr Darja (Oezbeeksk: Sirdaryo; Tadzjyksk: Сирдарё = Syrdarya; Kazachsk: Сырдария = Syrdarīya, histoaryske Grykske namme: Jaxartes) is in 2212 kilometer lange rivier yn Sintraal-Azië. De rivier ûntstiet by Namangan yn de Ferganadelling út de gearfoeging fan twa wetterboarnen dy't beide yn Kirgyzje ûntspringe: de Naryn dy't út it Tiensjan-geberchte komt en de Kara Darja út de Alai-keten.
De twa wetterboarnen komme op it grûngebiet fan Oezbekistan by-inoar, wêrnei't de Syr Darja fia Tadzjikistan en nochris troch Oezbekistan al gau yn noardwestlike rjochting troch súdlik Kazachstan nei de Aralmar streamt. Grutskalige yrrigaasje fanút de rivier wurdt brûkt foar de lânbou yn it streamgebiet, benammen foar de katoentylt, mar hat ek bydroegen oan it útdrûgjen fan de Aralmar.
Yn 'e âldheid stie de rivier bekend as de Jaxartes. Yn guon Grykske boarnen wurdt, frijwat misliedend, de namme Tanais brûkt. It wurdsje Darja yn de hjoeddeistige namme Syr Darja is it Perzyske wurd foar "see" en "stream". De rivier foarme de noardgrins fan de feroveringen fan Alexander de Grutte. Yn 329 f.Chr. stifte hy de stêd Alexander Eschatê (nei alle gedachten op it plak fan de hjoeddeistige stêd Chûdsjand) as permaninte garnizoensplak. It gebiet tusken de Syr Darja en de Amu Darja (yn de Klassike Aldheid bekend ûnder de Latynske namme Oxus) waard yn de Aldheid Transoksaanje neamd en waard in wadi (= drûge rivierdelling) yn it jier 1975.