It Syrillyske alfabet (Russysk: кириллица, kirillitsa) is in alfabet wêrmei't seis Slavyske talen skreaun wurde: Russysk, Oekraynsk, Wytrussysk, Servysk, Masedoanysk en Bulgaarsk. Troch de ynfloed fan de Russen wurdt it Syrillyske alfabet ek brûkt foar net-Slavyske talen lykas it Kazachsk en Tataarsk (Turkske talen), it Oedmoertysk en Komy-Syrjeensk (Finsk-Oegryske talen), Tsjetsjeensk en Avaarsk (Noardeastkaukazyske talen), Abgazysk en Sirkassysk (Noardwestkaukazyske talen) en it Mongoalsk.