Tagedienens

Tagedienens

Tagedienens of affeksje (fan it Latynske ad en facere, "eat mei immen dwaan") is in gemoedstastân dy't fuortkomt út it erkenning skinken oan in oar. Hoewol't it yn 'e folksmûle as frijwol synonym brûkt wurdt mei freonskip of leafde, is it eins eat dat de midden tusken dy beide begripen hâldt, mei't it sterker is as freonskip, mar swakker as leafde. It konsept 'tagedienens' is ûnderwerp fan ûndersyk foar ferskate tûken fan 'e filosofy en de psychology, wêrby't ferbân lein wurdt mei bgl. emoasje en de ynfloed fan sykte. Guon psychologen beskôgje tagedienens as it tsjinstelde fan hertstocht yn 'e sin dat by tagedienens de seksuële komponint fan it gefoel ûntbrekt, wylst dy by hertstocht krekt oerhearskjend oanwêzich is.

It belibjen fan in gefoel fan tagedienens foar in oar giet faak mank mei gefoelens fan freonskip en/of leafde. Yn 'e regel fielt men benammen affeksje foar oarehelten of oarsoartige libbenspartners en foar jins neiste famylje, lykas âlden, bern, bernsbern en bruorren en susters. It is lykwols ek mooglik om affeksje te fielen foar goede freonen. It útdrukking jaan oan tagedienens kin foar beide partijen, dus sawol foar de jouwer as de ûnfanger, positive en negeative emoasjes oproppe, lykas blydskip en leafde, mar ek ûnnoflikens, it gefoel opsletten te sitten en sels eangstme.

Boarnen, noaten en referinsjes

[boarne bewurkje]
Boarnen, noaten en/as referinsjes:

Foar boarnen en oare literatuer, sjoch ûnder: References, op dizze side.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in