Tank (wapen)

Leopard 2 tank
Tanks yn aksje yn de Earste Wrâldoarloch by it Frânske Langres yn 1918

In tank is in pânsere militêr gefjochtsreau mei rupsbannen en in geskutskoepel, mei as haadfunksje direkt fjoer ôf te jaan. De tank moat dus ûnderskaat wurde fan sawol de pânserwein (lykas de Patria) as it meganisearre geskut en de pânserhouwitser en it ynfanterygefjochtsreau. It wurd "tank" stamt út it Ingelsk; yn Nederlân waard oant de Twadde Wrâldoarloch meastal de term fjochtwein brûkt. De earste tank waard yn 1915 yn Ingelân ûntwikkele.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy