Tekenfilm

Foarbyld fan in koart tekenfilmke.
Animaasjefilm wiist troch nei dizze side. Foar oare betsjuttings fan dat begryp, sjoch: animaasjefilm (betsjuttingsside).

In tekenfilm is in film dy't net út live-action bestiet, mar út in grut tal opienfolgjende tekene bylden dy't it lykje litte as oft personaazjes en oare eleminten bewege, as se fluch genôch efterinoar ôfspile wurde. De earste tekenfilm wie Fantasmagorie, út 1908, fan 'e Frânske filmmakker Émile Cohl. De term animaasjefilm wurdt gauris lykslein mei 'tekenfilm', mar is eins in breder begryp, dêr't alles ûnder falt dat gjin live-action is. Sa wurdt by stop-motionanimaasje gebrûk makke fan opnommen bylden fan wiere foarwerpen, dy't by elts byld in lyts stikje fan posysje feroare wurde, mei úteinlik deselde suggestje fan beweging as de bylden efterinoar ôfspile wurde, as by tekenfilms. (In bekende foarm fan stop-motion is claymation of klaai-animaasje, wêrby't mei klaaiene popkes wurke wurdt.) Men kin dus stelle dat alle tekenfilms wol animaasjefilms binne, mar alle animaasjefilms binne gjin tekenfilms.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in