Tenach | ||
Šemot (Exodus) 20:1-5. | ||
algemiene gegevens | ||
oarspr. titel | תַּנַ"ךְ ("Ṯěnaḵ") | |
auteur | anonimus | |
taal | Hebriuwsk en Arameesk | |
foarm | non-fiksje | |
sjenre | religiosa | |
skreaun | 10e – 2e iuw f.Kr. |
De Tenach, yn it Hebriuwsk: תַּנַ"ךְ, Ṯěnaḵ, is de joadske Bibel, besteande út wat de kristenen it Alde Testamint neame, sij it mei in radikaal oare yndieling en oardering fan 'e ûnderskate boeken. Om dat ferskil oan te jaan, wurdt der (troch kristenen) ek wol de oantsjutting "Hebriuwske Bibel" foar brûkt. De namme "Tenach" is in akronym fan 'e trije tradisjonele ûnderferdielings fan 'e joadske Bibel: de Torah ("Leare" of "Wet"), de Neḇi'im ("Profeten") en de Ḵeṯuḇim ("Geskriften"), dêrfandinne: TeNaCh (Om't yn it Hebriuwsk gjin lûden skreaun wurde, hawwe de 'e' en de 'a' hjir gjin betsjutting). De Tenach wurdt ek wol oantsjut as de Masoretyske Tekst of de Miqra ("Wat Lêzen Wurdt").