Ternaard | ||
Grutte Tsjerke | ||
Emblemen | ||
Bestjoer | ||
Lân | Nederlân | |
provinsje | Fryslân | |
gemeente | Noardeast-Fryslân | |
Sifers | ||
Ynwennertal | 1.310 (1 jannewaris 2023)[1] | |
Oerflak | 10,42 km², wêrfan: - lân: 10,39 km² - wetter: 0,04 km² | |
Befolkingsticht. | 125 ynw./km² | |
Oar | ||
Tiidsône | UTC +1 | |
Simmertiid | UTC +2 | |
Koördinaten | 53° 22' N 5° 57' E | |
Offisjele webside | ||
ternaard.nu | ||
Kaart | ||
Ternaard is in doarp dat yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Ternaard leit noardlik fan Hantum, eastlik fan Holwert, westlik fan Wierum en besuden de Waadsee. Op 1 jannewaris 2023 hie Ternaard 1.310 [2] ynwenners. De doarpskearn leit om de krusing fan de Aldbuorren (N358), Stasjonswei, Holwerterdyk (N358) en de Opslach.
De buorskippen Teyebuorren, Fiskbuorren, Fiifhuzen en It Skoar (gruttendiels) hearre ek by Ternaard. Earder hearde Trijeboerehuzen (doe mei de namme Uylsmahorn) ek by Ternaard.