Mei toan wurdt yn 'e kontekst fan taalkunde ferwiisd nei it gebrûk fan toanhichte om yn in taal leksikale of grammatikale betsjuttings út te drukken. Alle ferbale talen brûke toanhichte om emosjonele en oare paralinguïstyske ynformaasje troch te jaan en om klam, kontrast en besibbe ferskynsels wer te jaan dy't beflapt wurde kinne ûnder de term yntonaasje. Lang net alle talen brûke lykwols toanhichte om ûnderskie te meitsjen tusken wurden dy't oars homonimen wêze soene. Talen dy't dat wol dogge, wurde tonale talen neamd. Sokke talen brûke toanhichte krekt sa't se ek konsonanten en fokalen brûke, d.w.s. om in wurd út op te bouwen. De toanpatroanen dy't tonale talen fan oare talen ûnderskiede, wurde tonemen (inkeltal: toneem) neamd. Yn East- en Súdeast-Aazje en yn Afrika binne tonale talen tige algemien. Der wurdt rûsd dat mear as 70% fan alle talen yn 'e wrâld tonaal is.