Trein

In trein op it stasjon fan Starum.
In Eurostar 374 yn Ingelân
In frachttrein fan Union Pacific yn Arizona

In trein (fan it Aldfrânsk: trahiner, dat wer fan it Latynske trahere komt, dat "lûke" of "triuwe" betsjut) is in stikmannich oaninoar keppele reauwen dy't meastentiids oer spoarwegen ride. Treinen binne ornearre foar it ferfieren fan passazjiers of fan frachten.

In trein wurdt oandreaun troch in lokomotyf, in selsstanige reau dy't de trein lûkt of triuwt, of in treinstel, dat in fêste ienheid is mei in stjoerstân op beide einen. De term "motorreau" wurdt gauris as in alternatyf brûkt foar "lokomotyf". Eartiids waard in trein troch stoom oandreaun, mar hjoed-de-dei wurde treinen oandreaun troch diselmotors, disel-elektromotors of alinne elektromotors. Elektryske treinen wurde laat troch in boppelieding. Treinen kinne ek lutsen wurde troch hynders, kabels, of troch gas oandreaun wurde.

In trein rydt almeast oer in spoarwei, mar net altyd. In foarbyld dêrfan is de road train yn Austraalje, in frachtwein mei in grut oantal oanhingweinen.

Passazjierstreinen befetsje reauwen dêr't passazjiers yn reizgje kinne en sokke treinen kinne mei in reedlik hege faasje ride. Hegefaasjetreinen waarden yn de ein fan de tweintichste iuw rap ûntwikkele, en wurde hieltyd noch fierder ûntwikkele. In tram is in soarte lytse trein en in light rail in ferfiermiddel dat tusken in trein, metro en in tram yn sit.

Frachttreinen binne treinen mei oaninoar keppele frachtweinen. Yn de Feriene Steaten kinne sokke treinen wol út 100 weinen bestean.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in