Trijeboerehuzen

Trijeboerehuzen
Trijeboerehuzen: pleats Uylsmahorn (ryksmonumint)
Trijeboerehuzen: pleats Uylsmahorn (ryksmonumint)
Bestjoer
provinsje Fryslân
gemeente Noardeast-Fryslân
himrik Holwert
Oar
Tiidsône UTC +1
Simmertiid UTC +2
Koördinaten 53° 22' 38" N 5° 55' 30" E
Kaart
Trijeboerehuzen (Fryslân)
Trijeboerehuzen

Trijeboerehuzen is in buorskip dy't yn de gemeente Noardeast-Fryslân leit. Trijeboerehuzen leit eastlik fan Holwert en westlik fan Ternaard. Trijeboerehuzen leit yn de himrik fan Holwert.

De bebouwing fan de buorskip leit oan de Ternaarderdyk (N358) en de Witmonnikswei. De kearn bestiet út 7 adressen oan de Ternaarderdyk.

Trije pleatsen fan de buorskip lizze noardlik fan de âlde seedyk yn de East-Holwerter Polder.

De nammen fan twa fan de pleatsen út de 19e iuw binne Uylsmahorn en Bleinsma.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in