Ulrum

Ulrum
Herfoarme tsjerke fan Ulrum

Ulrum (Grinslânsk: Ollerom) is in doarp yn Grinslân yn de gemeente It Hegelân (oant 1 jannewaris 2019 gemeente De Marne). Ulrum leit benoardeasten fan Sâltkamp, tusken de N361 en it Hunzegoakanaal.

Oant 1990 wie it in selsstannige gemeente; yn dat jier kaam it lykwols by Eenrum, Liens en Kleasterbuorren en ûntstie der in nije mei de namme Ulrum. Dy namme waard yn 1992 feroare yn dy fan it ûnderkertier fan Hunzegoa: De Marne en tsjintwurdich is Ulrum by de gemeente It Hegelân yndield.

Uluringhem waard al neamd yn de 11e iuw. It wie it wenplak fan Ulurin of Ulrin.

Ulrum leit op twa wierden. Op de iene stiet de romano-goatyske tsjerke (ein 12e iuw) en by de oare wierde lei de Asingaboarch. Op it oarspronklike borchterrein waard yn 1988 in park iepene.

Ulrum wie eartiids in woltierich doarp mei in protte middenstanners en lytse bedriuwen. Tsjintwurdich is der fral noch wat te dwaan yn de lânbou.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy