Urk

Gemeente Urk

Haven fan Urk
flagge wapen
lokaasje
polityk
lân Nederlân
provinsje Flevolân
boargemaster Cees van den Bos (SGP)
sifers en geografy
haadplak Urk
ynwennertal 21.914 [1] (1 jannewaris 2024)
befolkingstichtens 1.614 ynw./km²
oerflak 111,86 km²
● wêrfan lân 13,15 km²
● wêrfan wetter 98,71 km²
tal doarpen 1
ferkearsieren N351 N352
skiednis
oprjochte Sûnt 1824 selstannige gemeente
oar
netnûmer 0527
postkoade 8320-‎8324
tiidsône UTC +1
simmertiid UTC +2
webside www.urk.nl

Urk is in plak en gemeente yn de Noardeastpolder yn de provinsje Flevolân. Urk is de lytste gemeente fan Flevolân. De gemeente hat 21.914 (1 jannewaris 2024, boarne: CBS) op in oerflak fan 13,15 km².

Oant 1939 wie Urk, doe’t de dyk mei De Lemmer ôfboud waard, in eilân yn de Iselmar, en foar 1932 in eilân yn de âlde Sudersee. Yn 1942 waard de Noardeastpolder drûch makke, mar foar de bewenners fan Urk libbet it eilângefoel noch hieltyd. De minsken wenje dan ek net ‘yn Urk’, mar 'op Urk'.

It dialekt fan Urk, it Urkersk, is in tige libbend dialekt en wykt bot ôf fan oare dialekten yn de omkriten. Urk hat syn eigen folksliet, it Urker Folksliet. It wurdt benammen songen by keningsdei en oar offisjeel barren.

  1. Alle Cijfers

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy