Urksk

Urksk
algemien
oare namme(n) Urkersk
eigen namme Urkers
lânseigen yn Nederlân
tal sprekkers 15.000
skrift it Latynske alfabet
taalbesibskip
taalfamylje Yndo-Jeropeesk - Germaansk - Westgermaansk - Súdwestgermaansk - Nederfrankysk-Nedersaksysk - Nedersaksysk - Nedersaksysk - Geldersk-Oeriselsk - Urksk
dialekten gjin
taalstatus
offisjele status it Urksk wurdt beskôge as in dialekt fan it Nedersaksysk; op himsels genietet it gjin erkenning
taalkoades
ISO 639-1 n.f.t.
ISO 639-2 n.f.t.
ISO 639-3 n.f.t.

It Urksk of Urkersk, is it Nedersaksyske dialekt dat sprutsen wurdt op it eardere eilân Urk, yn de provinsje Flevolân, dat sûnt 1942 ta de Noardeastpolder heart. It wurdt sprutsen troch likernôch 15.000 minsken en is fierwei it fitaalste fan 'e tweintich Nedersaksyske dialekten yn Nederlân, mei't Urk in hechte (strang kristlike) mienskip is mei mar in hiel lyts bytsje ymmigraasje. Sadwaande wurdt it troch frijwol elkenien (likernôch 97% fan 'e befolking) op Urk noch sprutsen.

It Urksk wurdt op Urk en ek troch Urkers om utens yn in grut ferskaat fan (ynformele) sitewaasjes sprutsen. Sûnt de Twadde Wrâldoarloch wurdt it ek geregeldwei brûkt as skriuwtaal. Hoewol't der ferskate bibelfragminten yn it Urksk oerset binne, wurdt der yn it otterdoks-kristlike fiskersdoarp fan ôfsjoen om it yn 'e tsjerke te brûken, mei't in protte Urkers dat as hillichskeining beskôgje soenen.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy