Ursula K. Le Guin

Ursula K. Le Guin
skriuwer
Ursula K. Le Guin yn july 2004.
Ursula K. Le Guin yn july 2004.
persoanlike bysûnderheden
echte namme Ursula Kroeber Le Guin
nasjonaliteit Amerikaansk
berne 21 oktober 1929
berteplak Berkeley (Kalifornje)
stoarn 22 jannewaris 2018
stjerplak Portland (Oregon)
etnisiteit Dútsk
wurk
taal Ingelsk
sjenre fantasy, SF, jeugdliteratuer,
essay's, poëzij, non-fiksje
bekendste
  wurk(en)
The Left Hand of Darkness
Earthsea-rige
The Disposessed
The Day Before the Revolution
The Other Wind
Lavinia
útjouwer Parnassus Press
Orb Books
prizen 6x Hugo Award
6x Nebula Award
2x World Fantasy Award
21x Locus Award
jierren aktyf 1964 – no
offisjele webside
www.ursulakleguin.com

Ursula K. Le Guin (folút: Ursula Kroeber Le Guin, útspr. ['œɹsələ 'kɹoʊbəɹ lə ɡwɪn], likernôch: "eur-sul-luh kroo-bur luh gwin"; Berkeley (Kalifornje), 21 oktober 1929Portland (Oregon), 22 jannewaris 2018) wie in Amerikaansk skriuwster, dichteresse, essayiste en oersetster, dy't in grut oeuvre oan fantasy- en science fiction-literatuer, mar ek berneboeken, gedichten en essay's op har namme stean hie. Hja wie ien fan 'e meast foaroansteande Amerikaanske auteurs fan har sjenre, en hie troch de jierren hinne withoefolle prizen wûn, wêrûnder ferskate Hugo Awards, Nebula Awards en World Fantasy Awards en mar leafst 21 Locus Awards. Ek wûn se in National Book Award en waard se twaris nominearre foar in Pulitzer Prize. Le Guin har boeken binne oerset yn in grut tal ferskillende talen, wêrûnder it Nederlânsk.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy