Utstjerren of ekstinksje (fan it Frânske extinction) is yn 'e biologyske sin it ophâlden te bestean fan in soarte of in ûndersoarte fan organisme, troch it ferstjerren fan it lêste noch libbene eksimplaar. Yn 'e bredere sin wurdt de term ek wol brûkt foar gruttere taksonomyske kloften, lykas in skaai, in famylje of in skift. As in bist net mear foarkomt yn it wyld mar noch wol yn finzenskip, sprekt men fan útstjerren yn it wyld. By soarten yn it wyld is it faak dreech om krekt te bepalen wannear't it momint fan útstjerren plakfynt. Ornaris kin soks pas folle letter fêststeld wurde, en sels dan komt it noch foar dat men it mis hat. Sa besteane der, fral mank fossile soarten, saneamde "Lazarustaksons" wêrfan't men wis wie dat se op in beskaat punt ûntstoarn wiene, mar dy't letter ynienen wer ferskine by nije paleöntologyske fynsten fan nei dat tiidpunt. In massa-ekstinksje is it (mar selden foarkommende) massaal en frijwol tagelyk útstjerren fan in grut tal soarten.