Westerlauwerske Friezen
|
Ferneamde Westerlauwerske Friezen. Bopp. rige f.l.n.rj.: Rintsje Ritsma, kening Redbad, Obe Postma, Hilda van der Meulen, Pieter Verhoeff; 2e rige: Gysbert Japiks, Jelle Zijlstra, Atsje Keulen-Deelstra, Eise Eisinga, Rients Gratama; 3e rige: Abe Lenstra, Grutte Pier, Doutzen Kroes, Minne Simens, Epke Zonderland; 4e rige: Mata Hari, Joast Hiddes Halbertsma, Pieter Sjoerds Gerbrandy, Mirjam Timmer, Titus Brandsma; 5e rige: Lourens Alma-Tadema, Foppe de Haan, Monique Sluyter, Tsjerk Hiddes de Vries, Fedde Schurer.
|
flagge
|
|
|
|
|
|
|
|
populaasje
|
oantal |
645.000 (2004)
|
taal |
Frysk, Stedsk
|
godstsjinst |
kristendom, agnostisisme, ateïsme
|
erkenning
|
steatsdragend folk |
gjin eigen steat
|
erkende minderheid |
Nederlân
|
fersprieding
|
Nederlân: |
545.000
|
● Fryslân: |
387.000²
|
● Grinslân (lânseigen): |
3.000²
|
● om utens: |
155.000¹
|
Kanada: |
30.000¹
|
Feriene Steaten: |
25.000¹
|
Austraalje: |
17.000¹
|
Nij-Seelân: |
12.000¹
|
rest fan 'e wrâld: |
16.000¹
|
¹) dit binne gjin hurde sifers, mar skattings ²) Frysk- en Stedsktaligen
|
De Westerlauwerske Friezen, yn 'e Nederlânske kontekst ornaris koartwei Friezen neamd, binne in folk dat lânseigen is oan 'e súdlike Noardseekust, benammen yn 'e nei harren ferneamde Nederlânske provinsje Fryslân, in gebiet dat ek wol Westerlauwersk Fryslân neamd wurdt. Hja binne fan oarsprong nau besibbe mei de Fryske folksgroepen yn Dútslân (Eastfriezen, Noardfriezen en oaren), mar ek mei de bewenners fan 'e Grinzer Ommelannen en de Kop fan Noard-Hollân. Histoarysk hiene de Westerlauwerske Friezen in folslein eigen bestjoersfoarm ûnder de Fryske Frijheid, dy't lykwols yn 1498 ferlern gie. It politike selsbestjoer waard harren oan it begjin fan 'e Frânske Tiid ûntnadere en letter ûnder it Keninkryk fan de Nederlannen net mear weromjûn. Hjoed de dei ûnderskiede de Westerlauwerske Friezen har fan 'e omwenjende Nederlanners en Nedersaksers troch har eigen taalfoarmen (it Westerlauwersk Frysk en de Stedske dialekten) en har eigen kultuer.