Westfryske dialekten | ||
algemien | ||
lokaasje | West-Fryslân, Wieringen, Teksel, Flylân | |
tal sprekkers | ±37.000 (1999, skatting) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Hollânsk ● Westfryske dialekten | |
subgroepen | ● Eilânwestfrysk ● Lânwestfrysk |
De Westfryske dialekten foarmje in groep nau besibbe Hollânske dialekten yn it noarden fan 'e provinsje Noard-Hollân, dy't fuortkommen binne út in ferminging fan it Frysk dat oarspronklik yn 'e lânstreek West-Fryslân en op 'e omlizzende eilannen sprutsen waard, en it Hollânsk dat dy taal dêr fan 'e ein fan 'e trettjinde iuw ôf ferkrong. Hoewol't dizze dialektgroep dúdlik ûnderdiel foarmet fan it bredere ferbân fan it Hollânsk, binne der noch altyd spoaren fan it Fryske substraat yn werom te finen.