Westgermaanske talen | ||
algemien | ||
lokaasje | fan oarsprong yn Noardwest- en Midden-Jeropa | |
tal talen | ±15 | |
tal sprekkers | ±457 miljoen (2004) | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk | |
subgroepen | ● Noardwestgermaansk ● Súdwestgermaansk | |
taalkoades | ||
ISO 639-5 | gmw | |
ISO 639-6 | gmcw |
De Westgermaanske talen binne in taalgroep fan likernôch fyftjin talen, dy't ien fan 'e beide noch libbene tûken foarmet fan 'e gruttere Germaanske taalfamylje. Hoewol't it oarsprongsgebiet fan 'e Westgermaanske talen yn Midden- en Noardwest-Jeropa leit, hawwe se har troch migraasje en kolonisaasje yn 'e lêste fiifhûndert jier oer in grut part fan 'e wrâld ferspraat, sadat se no ek yn Noard-Amearika, Austraalje, Nij-Seelân en Súdlik Afrika de dominante taalkloft foarmje. Dizze talen wurde hjoed de dei troch krapoan in heal miljard minsken as memmetaal sprutsen. Fierwei de grutste taal út dizze groep is it Ingelsk, op ôfstân folge troch it Dútsk. Metten nei sprekkersoantal is it Nederlânsk de trêde Westgermaanske taal. Ek it Frysk heart ta dizze taalkloft.