Wieringermar

Lizzing Wieringermar yn Noard-Hollân
Plak dêr't de dyk opblaasd waard

De Wieringermar is in polder en eardere gemeente yn de kop fan de Nederlânske provinsje Noard-Hollân. As gemeente waard de Wieringermar yn 1941 oprjochte. De gemeente hie op 1 april 2011 12.570 ynwenners op in oerflak fan 309,37 km² (wêrfan 102,70 km² wetter). It eardere eilân Wieringen wie nea ûnderdiel fan 'e gemeente. Op 1 jannewaris 2012 fúzjearre de gemeente Wieringermar mei Anna Paulowna, Niedorp en Wieringen ta de nije gemeente Hollâns Kroan.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in