Wieringsk | ||
algemien | ||
eigen namme | Wirrings | |
lânseigen yn | Nederlân | |
tal sprekkers | 600 (2011, skatting) | |
skrift | Latynsk alfabet | |
taalbesibskip | ||
taalfamylje | ● Yndo-Jeropeesk ● Germaansk ● Westgermaansk ● Súdwestgermaansk ● Nederfr.-Nedersaks. ● Nederfrankysk ● Nederlânsk ● Hollânsk ● Westfrysk ● Eilânwestfrysk ● Wieringsk | |
dialekten | gjint |
It Wieringsk (Wieringsk: Wirrings) is it Hollânske dialekt dat fan âlds sprutsen wurdt op Wieringen, it eardere eilân oan 'e Hollânske útein fan 'e Ofslútdyk, dat ta de provinsje Noard-Hollân heart. It is nau besibbe oan it Tekselsk en it Inkhústersk, en teffens oan it útstoarne Flylânsk. It foarmet mei dy trije dialekten de Eilânwestfryske dialektgroep binnen de gruttere kloft fan 'e Westfryske dialekten, dy't wer ûnderdiel útmeitsje fan it Hollânsk.