Wike

In wike is in perioade fan sân dagen. Yn oare kultueren binne ek wol wiken fan fiif dagen. Der is gjin astronomyske grûn foar in wike. It is gewoan in yndieling fan dagen. Eltse dei fan de wike hat in namme: Moandei, Tiisdei, Woansdei, Tongersdei, Freed, Sneon en Snein.

De lingte fan sân dagen komt út Babyloanje dêr't de wike dagen hie foar elts fan de himellichems dy't eachswei te sjen binne: de Sinne, de Moanne, Mars, Merkurius, Jupiter, Fenus, en Saturnus. Ek yn de Bibel wurdt in perioade fan sân dagen neamd, by de skepping fan de wrâld.

Fia it Joadske en it Kristlike leauen is de wike nei Jeropa kaam. Oarspronklik fierden de Kristenen de earste dei fan de wike, mar ûnder ynfloed fan de sabbat is dy dei de sânde dei wurden; sadwaande rint de wike no fan Moandei oant Snein.

De wiken yn in jier wurde nûmere. Dêrby is de earste wike fan it jier, de earste wike dy't fjouwer of mear dagen yn it nije jier hat. Mei oare wurden, it is de wike mei de earste tongersdei fan it jier.

In wike is sân dagen, 168 oeren, 10.080 minuten, 604.800 sekonden. (Utsein, simmertiidsoergongen en skrikkelsekonden).
52 wiken plus ien of twa dagen binne in jier, 20.781 wiken binne yn de Gregoriaanske kalinder 400 jier.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in