Winkel

In winkel yn 1720 op in skilderij fan Willem van Mieris.
Dizze side giet oer it bedriuw. Foar oare betsjuttings, sjoch: Winkel (betsjuttingsside).

In winkel, tsjintwurdich mei in Ingelsk wurd ek gauris in shop neamd, is in gebou of diel fan in gebou dêr't keapwar oanbean en ferkocht wurdt, ornaris yn ruil foar jild, mar soms ek tsjin betelling yn natuera of troch ruilhannel. Yn 'e regel is in winkel in bedriuw of in ûnderdiel fan in bedriuw of ynstelling, mar it kin ek in (diel fan in) non-profitorganisaasje wêze, dy't syn ynkomsten ôfdraacht oan in goed doel. It guod dat yn in winkel ferkocht wurdt, is it winkelguod. De útbater fan in winkel is in winkelman of in winkelfrou.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in