Wiskonsin

Steat Wiskonsin
State of Wisconsin
flagge wapen
Forward
(Ingelsk, "Foarút")
lokaasje yn de Feriene Steaten
algemien
ôfkoarting WI
lân Feriene Steaten
status (jier) steat (1848)
haadstêd Madison
grutste stêd Milwaukee
offisjele taal Ingelsk (de facto)
sifers
ynwennertal 5.757.564 (2014)
befolkingstichtens 40,6 / km²
oerflak 169.639 km² (17% wetter)
bykommende ynformaasje
bynamme de Badger State
tiidsône UTC –6
simmertiid UTC –6
webside www.wisconsin.gov
Dizze side giet oer de Amerikaanske steat Wiskonsin. Foar oare betsjuttings, sjoch: Wiskonsin (betsjuttingsside).

Wiskonsin (Ingelsk: Wisconsin; útspr.: [wɪs'kɒnsɪn], likernôch "û-iskônsin"), offisjeel de Steat Wiskonsin (Ingelsk: State of Wisconsin), is ien fan 'e fyftich steaten dy't mei-inoar de Feriene Steaten fan Amearika foarmje. Wisconsin, byneamd de Badger State (de "Dassesteat"), leit yn it noarden fan it lân, yn it gebiet fan 'e Grutte Marren, deunby (mar net oan) de grins mei Kanada. De steat wurdt ta de regio fan it Amerikaanske Midwesten rekkene. De haadstêd is Madison, mar de grutste stêd is Milwaukee. Neffens in skatting út 2014 hie Wiskonsin doe krapoan 5,8 miljoen ynwenners, wêrmei't it kwa befolkingsgrutte de 20e steat fan 'e Feriene Steaten is. Oangeande oerflak is Wiskonsin mei likernôch 170.000 km² de 23e steat. Wiskonsin stiet benammen bekend om syn agraryske sektor en wurdt dêrom behalven de Badger State ek wol America's Dairyland (it "Suvelgebiet fan Amearika") neamd.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in