De wjerljocht of ek wol bliksem is in elektryske ûntlading yn de atmosfear. It is it haadferskynsel fan swierwaar en it hat tonger as byferskynsel.
In ûntlading fan wjerljocht hat in ljochtflits as gefolch. Tonger ûntstiet trochdat de wjerljocht de lucht derom hinne sa bot ferwaarmet dat de lucht útset yn de foarm fan plasma, wat skokweagen yn de atmosfear feroarsaket.
Wjerljocht is ien fan de meast gefaarlike waarsferskynselen. It is dan ek oan te rieden om beskerming te sykjen, seker as it swierwaar tichtby is en de tiid tusken wjerljocht en tonger minder as 10 sekonden is.
It gefaar om persoanlik troch de wjerljocht rekke te wurden is relatyf lyts, mar de gefolgen kinne wol slim wêze. Trochsneed wurde yn Nederlân fiif minsken it jier troch de wjerljocht rekke mei de dea as gefolch.[1] Eartiids wie dit noch folle mear: hûndert jier lyn waarden trochstrings sa'n tweintich minsken it jier rekke mei de dea as gefolch.