Wurdboek

Tilemann Dothias Wiarda, Altfriesisches Wörterbuch

In wurdboek is in neislachwurk dêr't de betsjutting fan de wurden út in sekere taal of seker aspekt fan in taal yn jûn wurde. Der binne ferskate soarten:

  • De dictionaire, it oersettende wurdboek. Dat is it âldste type wurdboek.
  • Ferklearjend wurdboek. Dêryn wurdt fan in grut oantal wurden, yn prinsipe fan alle, út de memmetaal fan de gearstaller de betsjutting yn deselde taal omskreaun.
  • Spesjalistysk wurdboek. Jout net allinnich de wurdskat fan in taal wer, mar inkeld it jargon fan in bepaalde groep minsken, ornaris minsken mei inselde berop.
  • dialektwurdboek, dat de typyske wurdskat fan in bepaalde stêd of streek werjout.

From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy