Wylde Westen

It klassike byld fan 'e cowboy, sa't dat yn 1902 fêstlein waard troch de keunstskilder Charles Marion Russell.

It Wylde Westen (of inkeld ek wol it Alde Westen) is in oantsjutting dêr't mei ferwiisd wurdt nei rûchwei de westlike helte fan 'e Feriene Steaten tusken likernôch 1850 en 1900. Yn dy perioade ferkearde dat gebiet noch yn it begjinstadium fan 'e kolonisaasje. It Wylde Westen makket yn 'e Amerikaanske skiednis diel út fan it gruttere tiidrek fan 'e Amerikaanske frontier (1700-1912), oftewol de kolonisaasje fan 'e Noard-Amearika oan 'e foargrins fan 'e "beskaving". Neitiid ûntstie der in hiel literêr en letter ek filmsjenre (ntl. dat fan 'e western), dat it Wylde Westen ferhearlike of alteast romantisearre, mei de feedriuwer te hynder, de cowboy, as ikoanysk symboal fan in ferfleine tiid en in grutdiels útstoarne way of life ("manear fan libjen").

De wurklikheid wie fansels in stik prozaysker, mar in feit is dat it Wylde Westen oant de dei fan hjoed ta in tige ta de ferbylding sprekkende histoaryske perioade bleaun is, dy't ek yn Jeropa tige by tige bekend rekke is troch de boeken fan skriuwers as Karl May en Zane Grey, en films mei akteurs as John Wayne, Lee Van Cleef en Clint Eastwood. It is sa yn 'e Westerske kultuer trochkrongen dat sels wa't se net teplak bringe kin, de nammen fan guon persoanen út it Wylde Westen bekend yn 'e earen klinke sil: Buffalo Bill, Davy Crockett, Doc Holiday, Jesse James, Sitting Bull, Billy the Kid, George Armstrong Custer, Cochise, Wild Bill Hickok, Dull Knife, Wyatt Earp, Geronimo, Calamity Jane, Kit Carson, Butch Cassidy, Annie Oakley en de Daltons.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in