In ynkunabel is in boek of skrift dat set is mei leadletters en printe fóár 1 jannewaris 1501 yn Jeropa. It wurd ynkunabel is om 1640 hinne betocht troch de Westfaalske learde Bernhard von Mallinckrodt en komt fan it Latynske incunabula wat wynsels (om in poppe mei yn te bakerjen) of ruft betsjut.