Ynsekten

Siderûp

Ynsekten (Insecta) binne in klasse fan de lidpoatigen (Arthropoda) mei inkelde miljoenen soarten.

Ynsekten libje op it lân en yn swiet wetter en foarme de soartenrykste klasse fan it bisteryk. Likernôch 70% fan de mear as 1 miljoen beskreaune bistesoarten hearre ta de ynsekten.

In ynsekt hat seis poaten, twa antennes, gjin, twa as fjouwer flerken, en in yn trijen opdield liif. Ynsekten hawwe faseteagen oan de sydkant fan de kop en meastentiids trije inkelfâldige by-eagen op de foarholle. De rûksinnen sitte meast op de antennes.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in