Ynterpunksje

Lêstekens:

punt
fraachteken
útropteken


skrapke of komma
dûbele punt
stipskrapke of puntkomma
ûnderbrekkingsstippen
gedachtestreekje
fuotnoatteken


heakje
klammerke


apostrof
keppelteken
ôfbrekstreekje


breedteken of kapke
dielteken of trema
klamteken (accent grave)
skerpteken (accent aigu)
sedille

Ynterpunksje is it brûken fan lêstekens (punt, skrapke, ensfh.) yn in tekst. De beneaming ynterpunksje komt út de sechstjinde iuw en is ôflaat út it Latynsk (ynter = tusken; punctus = punt). Yn it oanbegjin joech it de wize oan hoe’t yn it Hebrieusk de lûden oantsjut waarden. Yn it Hebrieusk waarden allinnich de bylûden skreaun, de wearde fan it lûd waard oanjûn troch puntsjes ûnder de bylûden. Earst tusken 1650 en 1750 evoluearret de betsjutting fan it wurd ‘ynterpunksje’ nei wat dy no is.

Ynterpunksje is fan belang foar it ynterpretearjen fan de tekst. Der is in wêzentlik ferskil tusken de sinnen:

  • Wat ha wy juster in noflike jûn hân; ik mei hiel graach oer dy, leave skat.
  • Wat ha wy juster in noflike jûn hân; ik mei hiel graach oer dy leave skat.

De earste sin kin in man nei in jûntsje mei de frou en har freondinne sûnder kantroeren oan syn frou skriuwe, de twadde sin sil daliks net op in skieding útdraaie mar kin gâns fragen oproppe. Fan de iene kant helpe lêstekens de lêzer of de publike prater as helptekens by syn lêzing. Mar oan de oare kant hawwe dy tekens lykwols ek (benammen?) in syntaktyske funksje en yn dat opsicht is it brûken derfan minder arbitrêr.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by razib.in