Yrreligy (fan it Frânske irréligion, dat foar it earst brûkt waard yn 1527) is de ôfwêzigens of it fersmiten fan religy, of ûnferskillichheid of fijannigens dêrfoaroer. It omfettet non-teïstyske streamings lykas it ateïsme, agnostisisme, sekulier humanisme, eatisme, apateïsme en antyteïsme.
Yrreligy kin ek beskate foarmen fan it leauwen yn God of goaden omfetsje, ôfhinklik fan 'e sosjaal-religieuze kontekst. Sa waard it deïsme ûnder de Ferljochting yn it achttjinde-iuwske Jeropa beskôge as it hichtepunt fan yrreligy, wylst it eins in foarm fan teïsme is. Yn it hjoeddeistige East-Aazje is de term foar "yrreligy" 無宗教 (Sineeske translit.: wú zōngjiào; Japanske translit.: mu shūkyō), wêrmei't de mearderheid fan 'e befolking himsels identifisearret. Dy term ymplisearret lykwols inkeld it net oansletten wêzen by ien fan 'e ynstitúsjonalisearre religyen (lykas it boedisme of it kristendom), en net needsaaklikerwize it net hawwen fan in religieus leauwe.
Neffens in wrâldwiid ûndersyk fan it Pew Research Center út 2012, wêrby't de sitewaasje yn 230 ûnderskate lannen en territoaria ûnder de lûp nommen waard, soe 16% fan 'e wrâldbefolking himsels net ta in religy rekkenje (en dus oantsjut wurde kinne as 'yrreligieus'), wylst 84% him wol mei in bekate religy identifisearret. Yn absolute sifers komt it tal yrreligieuzen dêrmei wrâldwiid út op 1.120.000.000 of goed 1,1 miljard minsken. Nei ferwachting sil dat oantal tsjin 2060 tanommen wêze mei sa'n 35 miljoen, mar relatyf sjoen sil it oandiel yrreligieuzen yn 'e wrâldbefolking ôfnimme ta 13% om't it religieuze diel fan 'e wrâldbefolking flugger groeie sil. Neffens transkulturele stúdzjes komt dat om't it hawwen fan in religy it bertesifer stimulearret, wylst yrreligy of sekularisme it bertesifer krekt bedimmet.