Arriva

Arriva plc
algemien
hist. namme T Cowie Ltd.
nasjonaliteit Britsk
type Dochterûndernimming
sektor Ferfier
haadkertier Sunderland (Ingelân)
oprjochte 1938
eigner Deutsche Bahn AG
mem Deutsche Bahn AG
dochters Arriva UK Bus
Arriva UK Trains
Fêstelân Jeropa
sifers
omset €5,35 miljard (desimber 2017)
winst 569 miljoen (desimber 2017)
aktyf yn Jeropa
wurknimmers 61.845 (septimber 2018)
offisjele webside
www.arriva.co.uk
Spurt 10236 Tonny van Leeuwen fan Arriva op stasjon Starum
In Citaro G-bus fan Arriva yn Grins
Alstom Coradia LINT-trein fan Arriva yn Denemark
DAF MB 200 yn Kampen fan Arriva yn maart 2001
Dizze side giet oer Britske memme-ûndernimming. Foar de Nederlânske dochterûndernimming, sjoch: Arriva Persoaneferfier Nederlân.

Arriva plc is in Britsk multynasjonaal ferfiersbedriuw mei syn haadkantoar yn it Ingelske Sunderland en is sûnt 2010 yn eigendom fan Deutsche Bahn AG. It bedriuw waard yn 1938 oprjochte as T Cowie Ltd., mar waard yn 1997 omneamd ta Arriva nei in rige fúzjes en oernimmings. It bedriuw waard yn 2010 troch deutsche Bahn oernommen en is sûnt dy tiid in dochterûndernimming dêrfan. Arriva is de útfierder fan trein-, bus-, tram-, toerbus- en wetterbustsjinsten yn 14 Jeropeeske lannen. It bedriuw is ûnderferparte yn trije difyzjes: Arriva UK Bus, Arriva UK Trains en Fêstelân Jeropa (Mainland Europe). It bedriuw hie yn septimber 2018 in totaal fan 61.845 minsken yn tsjinst en betsjinne 2,4 miljard passazjiers jiers. Yn 2019 makke Deutsche Bahn buorkundich en dat se Arriva ferkeapje woene, dochs yn novimber dat jier waard de ferkeap foarearst útsteld.


From Wikipedia, the free encyclopedia · View on Wikipedia

Developed by Tubidy